Ja s'an man ben ik Toanielferiening Pro Rege

voorstelling afbeelding
gegevens
datum
vr 27 januari 2012
aanvang
19.30 uur
genre
plaatselijke vereniging
zaal
theaterzaal
prijzen
normaal
€  10,00
cjp
€  10,00
theaterpas
€  10,00
  • info:

Toanielferiening Pro Rege út Holwert bringt jierliks in Frysk toanielstik op ’e planken fan ’t Voorhuys.

Douwe en Wytske Bouma wenje yn in flat yn Ljouwert.
Wytske treft Sia, in freondinne fan eartiids, op in moadebeurs yn Düsseldorf.
Se reizgje tegearre nei Ljouwert. Dit is in dei earder as dat Douwe syn frou wer thús ferwachtet. Wytske jout wakker op fan Douwe. Mar Sia, krekt skieden, seit dat gjin inkele man it by ien frou hâldt. Se komme oerien om Douwe te testen....

Sia giet nei Douwe syn flat. Se stelt har foar as freondinne fan Wytske en seit dat se gjin hotelkeamer fine kin. Douwe besiket in gaadlik plak foar har te regeljen, mar dit slagget him net. Sia lûkt al har ferliedingskeunsten út de kast om Douwe op de proef te stellen. Kin hy de ferlieding wjerstean?

Omke Wouter, út de Westereen, siket syn dochter Tineke. Troch gebrek oan hotelkeamers, bliuwt hy ek sliepen. Dit makket it foar Douwe noch yngewikkelder. Omke Wouter mei neat merke van de oare útfanhûzer. Tineke komt ek opdagen en gedraagt har net sa as har heit ferwachtet. Buorman Fokko spilet hjiryn in belangryke rol. Sa wurdt Douwe ek noch by dizze problematyk belutsen. Sa stapelje de problemen foar Douwe sich hieltiten fierder op.

It seit himsels dat yn in flat mei útfanhûzers en in soad doarren, brike sitewaasjes ûntsteane!
Hoe as dit allegear ôfrinne sil? Yn dit stik wurdt antwurd op dizze fraach jûn.

Sjoch foar mear ynformaasje op ús webside www.toanielholwerd.nl


kalender

M D W D V Z Z
            1
2 3 4 5 6 7 8
9 10 11 12 13 14 15
16 17 18 19 20 21 22
23 24 25 26 27 28 29
30 31          

theatermaatje

Vind een theatermaatje >